# Ynstellingshelp FairEmail ynstelle is frij simpel. Do moast teminsten ien akkount tafoegje om email te ûntfangen en op syn minst ien identiteit asto email stjoere wolst. Foar de measte grutte oanbieders kinst gau in iin kear in akkount en identiteit tafoegje. ## Fereasken In ynternetferbining is nedich om akkounts en identiteiten yn te stellen. ## Flugge opset Kies dyn provider as *Oare oanbieder* út en fol dyn namme, emailadres en kaaiwurd in en tik op *Kontrolearje*. Dit slachet foar de mease emailoanbieders. At it ynstelle net fansels slachet, moast sels dyn akkount en identiteit ynstelle. Sjoch hjirûnder hoe dat moat. ## Akkount ynstelle - om email te ûntfangen Om in akkount ta te foegjen, tik op *Sels ynstelle en akkountopsjes*, op *Akkounts* en dearny op 'e 'plus' ûnderoan en selektearje IMAP (of POP3). Selektearje in provider út 'e list, fier de brûkersnamme yn, lykwols dyn emailadres, en fier dyn kaaiwurd yn. Tik op *Kontrolearje* om FairEmail in ferbining meitsje te litten mei de emailserver en in list mei systeemmappen op te heljen. Nei it kontrolearjen fan 'e seleksje fan systeemmappen kinsto it akkount tafoegje troch op *Bewarje * te tikjen. As dy emailoanbieder net iin 'e list stiet, der binne tûzenen, kies *Oanpast*. Fier de domeinnamme yn, bygelyks *gmail.com* en tikje *Krij ynstellings*. As dyn ynternetoanbieder [auto-discovery](https://tools.ietf.org/html/rfc6186) stipet, sil FairEmail de hostnamme en poartenûmer ynfolje, oars kontrolearje de ynstallaasje-ynstruksjes fan jo ynternetoanbieder foar de juste IMAP-hostnamme, poartenûmer en protokol (SSL/TLS of STARTTLS). Sjoch [hjir](https://github.com/M66B/FairEmail/blob/master/FAQ.md#authorizing-accounts) foar mear hjiroer. ## Identiteit ynstelle - om email te ferstjoeren Likegoed om in identiteit ta te foegjen, tik op *Sels ynstelle en akkountopsjes*, op *Identiteiten* en dearny op 'e 'plus' ûnderoan. Fier de namme yn dasto wost sjen as ferstjoerderadres fan de emailberjochten dy'sto stjoerst en selektearje in keppele akkount. Tikje op *Bewarje* om de identiteit ta te foegjen. As it akkount hânmjittich ynstelle waard, dan soesto wierskynlik dyn identiteit ek mei de hân ynstelle moatte. Fier de domeinnamme yn, bygelyks *gmail.com* en tikje op *Krij ynstellings*. As dyn ynternetoanbieder [auto-discovery](https://tools.ietf.org/html/rfc6186) stipet, sil FairEmail de hostnamme en poartenûmer ynfolje, oars kontrolearje de ynstallaasje-ynstruksjes fan jo ynternetoanbieder foar de juste IMAP-hostnamme, poartenûmer en protokol (SSL/TLS of STARTTLS). Sjoch [dizze FAQ](https://github.com/M66B/FairEmail/blob/master/FAQ.md#FAQ9) oer it brûken fan aliassen. ## Fergunnings jaan - om tagong te krijen ta kontaktynformaasje Asto emailadressen sykje wolst, kontaktfoto's sjen litte, ensfh., Moasto tastimming jaan om kontaktynformaasje te lêzen oan FairEmail. Tikje op *Tastean machtigingen* en selektearje *Tastean*. ## Batterijoptimalisaasjes ynstelle - om kontinu email te ûntfangen Resinte Android-ferzjes sette apps yn sliep as it skerm in skoft út is om batterijgebrûk te ferminderjen. Asto nije email ûntfange wolst sûnder fertragingen, moasto batterijoptimalisaasjes útsette foar FairEmail. Tikje op *Beheare* en folgje de ynstruksjes. ## Fragen as problemen Asto in fraach of probleem hast, [sjoch hjir](https://github.com/M66B/FairEmail/blob/master/FAQ.md) foar help.