FairEmail/app/src/main/assets/SETUP-fy-rNL.md

3.3 KiB

Ynstellingshelp

FairEmail ynstelle is frij simpel. Do moast teminsten ien akkount tafoegje om email te ûntfangen en op syn minst ien identiteit asto email stjoere wolst. Foar de measte grutte oanbieders kinst gau in iin kear in akkount en identiteit tafoegje.

Fereasken

In ynternetferbining is nedich om akkounts en identiteiten yn te stellen.

Flugge opset

Kies dyn provider as Oare oanbieder út en fol dyn namme, emailadres en kaaiwurd in en tik op Kontrolearje.

Dit slachet foar de mease emailoanbieders.

At it ynstelle net fansels slachet, moast sels dyn akkount en identiteit ynstelle. Sjoch hjirûnder hoe dat moat.

Akkount ynstelle - om email te ûntfangen

Om in akkount ta te foegjen, tik op Sels ynstelle en akkountopsjes, op Akkounts en dearny op 'e 'plus' ûnderoan en selektearje IMAP (of POP3). Selektearje in provider út 'e list, fier de brûkersnamme yn, lykwols dyn emailadres, en fier dyn kaaiwurd yn. Tik op Kontrolearje om FairEmail in ferbining meitsje te litten mei de emailserver en in list mei systeemmappen op te heljen. Nei it kontrolearjen fan 'e seleksje fan systeemmappen kinsto it akkount tafoegje troch op *Bewarje * te tikjen.

As dy emailoanbieder net iin 'e list stiet, der binne tûzenen, kies Oanpast. Fier de domeinnamme yn, bygelyks gmail.com en tikje Krij ynstellings. As dyn ynternetoanbieder auto-discovery stipet, sil FairEmail de hostnamme en poartenûmer ynfolje, oars kontrolearje de ynstallaasje-ynstruksjes fan jo ynternetoanbieder foar de juste IMAP-hostnamme, poartenûmer en protokol (SSL/TLS of STARTTLS). Sjoch hjir foar mear hjiroer.

Identiteit ynstelle - om email te ferstjoeren

Likegoed om in identiteit ta te foegjen, tik op Sels ynstelle en akkountopsjes, op Identiteiten en dearny op 'e 'plus' ûnderoan. Fier de namme yn dasto wost sjen as ferstjoerderadres fan de emailberjochten dy'sto stjoerst en selektearje in keppele akkount. Tikje op Bewarje om de identiteit ta te foegjen.

As it akkount hânmjittich ynstelle waard, dan soesto wierskynlik dyn identiteit ek mei de hân ynstelle moatte. Fier de domeinnamme yn, bygelyks gmail.com en tikje op Krij ynstellings. As dyn ynternetoanbieder auto-discovery stipet, sil FairEmail de hostnamme en poartenûmer ynfolje, oars kontrolearje de ynstallaasje-ynstruksjes fan jo ynternetoanbieder foar de juste IMAP-hostnamme, poartenûmer en protokol (SSL/TLS of STARTTLS).

Sjoch dizze FAQ oer it brûken fan aliassen.

Fergunnings jaan - om tagong te krijen ta kontaktynformaasje

Asto emailadressen sykje wolst, kontaktfoto's sjen litte, ensfh., Moasto tastimming jaan om kontaktynformaasje te lêzen oan FairEmail. Tikje op Tastean machtigingen en selektearje Tastean.

Batterijoptimalisaasjes ynstelle - om kontinu email te ûntfangen

Resinte Android-ferzjes sette apps yn sliep as it skerm in skoft út is om batterijgebrûk te ferminderjen. Asto nije email ûntfange wolst sûnder fertragingen, moasto batterijoptimalisaasjes útsette foar FairEmail. Tikje op Beheare en folgje de ynstruksjes.

Fragen as problemen

Asto in fraach of probleem hast, sjoch hjir foar help.